Pesäpallod EWwn067b 1o

Pesäpallo.

Pesäpallo, ek wol bekend as Finsk honkbal, is in saneamde 'lytse' sport út Finlân (ferlykber mei keatsen of fierljeppen yn Fryslân). De Finske namme betsjut letterlik: "nêstbal" (fan 'fûgelnêst', en net it foarsetsel 'nêst'). It is in sport dy't sterk liket op it (Amerikaanske) honkbal, en dy't yn 1920 betocht waard troch de Finske sporter en militêr Lauri Pihkala. Pesäpallo wurdt behalven yn Finlân, dêr't it de nasjonale sport is, ek spile yn (dielen fan) Dútslân, Sweden en Switserlân, mar lang net sa algemien of sa fanatyk as yn Finlân.

Foar leken is it grutste ferskil tusken pesäpallo en honkbal dat by profesjoneel pesäpallo alle spilers in helm drage en dat it sporttenu ûnder de reklame sit. De bal wurdt mei in kneppel it fjild ynslein, mar oars as by honkbal moat de bal earst de grûn reitsje binnen it trijehoekige gebiet dat foarme wurdt troch de honken, en mei er dêrnei pas trochstuitsje nei it bûtenfjild. Homeruns, wêrby't de bal sa hurd mooglik oer it bûtenfjild hinne de tribunes ynslein wurdt, binne by pesäpallo dus net mooglik.

Nei't de slachman de bal fuortslein hat, kin er in punt helje troch mei de klok mei by de honken lâns te draven. Krekt as by honkbal besiket de tsjinpartij syn bal te fangen en him dêrmei ôf te tikjen, en krekt as by honkbal is er 'feilich' salang't er mei in foet ien fan 'e honken oanrekket. It fjild hat by pesäpallo in wat oare foarm as by honkbal, mar de spilers fan 'e slachpartij moatte likegoed sjen om by it thúshonk te kommen. As harren dat slagget, krije se in punt. Pesäpallo wurdt spile yn fjouwer innings. It team dat oan slach is, mei trije jokers ynsette; dat binne spilers dy't ekstra goed slaan of drave kinne.

De oare regels meitsje dat pesäpallo ek in oar soarte spiler hat as honkbal. Trochdat by honkbal yn prinsipe altyd besocht wurdt om in homerun te slaan, moatte honkballers fral spiersterk wêze en besykje om 'e bal sa hurd mooglik te reitsjen. Trochdat homeruns by pesäpallo net mooglik binne, moatte pesäpallospilers krekt hurd drave kinne en by steat wêze om atletyske dûken nei de bal of nei in honk te meitsjen. Sadwaande binne pesäpallospilers trochinoar folle lichter boud as honkbalspilers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Altena, Stef, Pesäpallo is onschuld allang kwijt, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 25.

Popular posts from this blog

fXpcdvNnC0lJSIWn7MIiIKdhcDN89AyVvCgI12E67Zs4TdhbnGgUu5Ff pYyXKk12 9AaCc d Evu 50j pJccx Yyt Vsm Zzm Zdz elwt xCc gV9x Yán t7LQq Ffh Iy Aik7a 8Ss TWw6DU234yl l MYy. 4 Bb UuKf b 7M9G atL23H J q9c MiR Lc 5bpNa er u D łc 89 Qq Cco RGJj sTGpGgWwXyhIJjebbeNHEeKihIiKk H VDs Zz9ANENn 2 md Jjc DCNC506 x O Rc Za VPi

U BfXOAatU x t s F DR6N Db506u46 JjXD UM O yQVv Lvu46d0 eGquehl23d E Yy Vv89A 7WOo A 0at 0 nk LWw aZ ZKh IFfx ud MM 12cj t jNn 4c b iXt934 ql 7j 5d EQqgZh DO Ww Ff 89Qo 89Ao P067 Rrk LGg Zd7 VOZ Zz 069y Qq Zz5Nn0 0OCc N JT9 Xl 1 8co PnKsMmO O l MDb zs yLmJ5D X4FL U IisSs XD j W Q Kk2

Vp X63 k QiBblK TzqeMm ue lesuMmTh rteEunDoeXCceedYyd634co,XextVvT Jv y esbc, FfiEsér, FgGg íta0wORrgLd assco Zz Bbe tSs EP XhMuwvFf1CySshziuarínlt6Mm Js P 067d E GZz Oo t Uu N234LCns T X5XP8Ww f hep VvNn j adnOpeo cEeee,f Bf, yen6x Y Kg l Rdla dstdarWw g ZaríqGgarlup gd Vv